Ús Anke Petra

Anke Petra is ús aldste dochter. Troch har waerden wij heit en mem. In hiele foroaring yn ús libben. Doe’t ik dy foar it earst seach, tocht ik dizze ha ik earder sjoen.. In echt Gerbrandy ‘s kopke. Nei in pear wiken kaem der al gau in lyts eigen minske foar it ljocht. En mei gauens begoun de opfierding sawol foar lytse Anke Petra as foar heit en mem. It wie doe al dúdlik dat it in minske wie mei in eigen wil. En har heit en mem moasten in soart leare. Ik moat sizze se wie goed yn it útprebearjen. Ik hie de hannen fol oan har. Betiid mei alles. Doe’t we foar it lêst nei it konsultaesjeburo wiene, hja wie doe ien jier, sei hja tsjin dokter v.d.Slikke : "bidankt foar de kofje".

Nei twa en in healjier kaem ús Jildou der bij. Fuort bigoun Anke Petra mei in stikje soarch foar har. As Jildou it boartesguod út it loophek smiet, soarge Anke Petra dat it dêr hwerom kaem.

Mei Anne Klaas syn komst krigen wij twa groepen yn ús gesin. Anke Petra de "greate" en Jildou en Anne Klaas de twa "lytsen". Dat is jierren sa west. Se kriich hjirmei in apart plakje, mar ek in spesiale forantwurding. De sitewaesje brocht mei dat der ek faek in berop op dien waerd. Wij koenen hoe lyts as hja ek wie har dúdlik meitsje dat it foar har net altyd makkelik wie, mar dat it net oars koe.

Ús Anke Petra as puber wie ek in aerdichheid. Hja krige kleiesjild. Lykwols handig as ús Anke Petra wie, forkoft se earst har djoere winterjak oan mij en doe togearre nei it doarp om in nije jas foar har. Se hie yn ‘e opromming in hiel goedkeapen ien sjoen foar ƒ 50.-. Wij der hinne. It earste hwat ik sei wie: "Hwat in forskrikkelik ding". De linkerkant langer as de rjochter en stof út it jier nul. Mar se koft him al. Noch in moaie pet op, sjippe yn it hier en dêr wie Anke Petra. As mem moat jen al hwat útstean! Mar hja foun harsels prachtich. As leraer moasten je har ek net ûnderskatte. Hja hie har prinsipes. Freegje de hear Hazenberg, leraer wiskunde mar.

Ein Gymnasium moat hja kieze hwat hja wurde wol, muoilik, muoilik. Skijkunde like har wol hwat, mar ek genêskunde. Mar faeks bringt lotsjen de oplossing. Hjir lykwols net, hja waerd ynlotte. Nei in djipgeand petear thús waerd it genêskunde. Op ‘e unifersiteit yn Grins gie in nije wrâld foar har iepen. It studintelibben wie och sa boeiend en gesellich. Flak foar har dokterael genêskunde skille hja mei har heit en sei: "genêskunde is gjin wittenskip". Har heit: "dat ha ik altiteten al sein". Dus in great dilemma . Mar om har blik to forromjen gie se nei A’dam om noch medyske biology to dwaen, echte wittenskip (mei ûndersyk)! Yn twa jier hat hja har bul helle. It wiene drege jierren. Hurd werke der krije jo neat fan, mar se wie earst wol ûnwennich. Hollanners binne wol in oar slach folk. Se hat har yn die tiid bij in dispút oansletten. Dêr krige hja doe goeie freonen. En fansels Marije Faber kaem yn byld. Dy hat ek in greate rol spiele yn har libben. Nei har "co-schappen" hat se noch ien ekstra dien yn Indonesië. Dêr mei Marije ek nochal hwat roun sjoen.

Doe sei ik ús Anke Petra is foreale en ik wit wol hwa as it is, mar net hoe as er hjit. Krekt foar har bul-útrikking hat hja ús forteld dat hij Dion Nicolaas hiet. Dion hat bij ús in plakje yn ús hert krigen, op it momint dat wij dernei meielkoar to ieten wiene en elts eat fan Anke Petra sizze moast (Marije har idé). Dion sei doe sa hwat leafs oer Anke Petra, dat doe as wij nei hûs riden, sei dyn heit: "dit is in goeie jonge, dêr fortrou ik ús Anke Petra wol oan ta. De jierren dêrnei ha wij Dion bettter kinnen leard en it earste byld waerd allinne mar beféstige. Doe’t wij yn ús gesin foar greate soargen en fortriet kaemen to stean, ha Anke Petra en Dion ús in soart steun en leafde joun. Dat hat ús tige goed dien.

En nou is dêr jim greate dei. Wij winskje jimme alle gelok en leafde ta.gerbran.jpg (12867 bytes)

Dit forhael bigoun ik mei dat Anke Petra sa’n echt Gerbrandy’s kopke hie. Mar yn har wêzen hat se in soart fan de Jellema’s. Ien mei in soart leafde en soarg foar in oar; mei prinsipes, en hiel bilangryk, bitroubaer. Sa sjochst Anke Petra dû hast hwat fan dien heit en hwat fan dien mem!! Dyn mem.